Friezen moatte harren mear bewust wurde fan wat se ite en hokker gefolgen wat se yn de mûle stekke foar it miljeu hat. Dat is de bedoeling fan de World Food Week dy’t fan 14 oant 20 oktober yn Fryslân hâlden wurde sil.

De wike is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert, de provinsje en de feriening Circulair Friesland. Ferskate Fryske restaurants, hoareka-opliedings en boeren wurkje mei.

De World Food Wike is in útfloeisel fan de Lânboudeals, dy’t begjin 2018 ôfsluten binne mei ferskate organisaasjes. Dat binne ôfspraken tusken de provinsje en de boeresektor oer it duorsumer meitsjen fan de lânbou. 

X